It antlit As ik mei myn plunjesek nei de haven gean Bliuw ik op ‘e hoeke noch efkes by dy stean Ropt de âlde ‘Kom it is tiid”, dan is it foarby Mar as ik op see wer bin tink ik in amerij Refr. Koe ik mar efkes dyn antlit wer sjen Dyn eagen sa gol en sa blier Dan hie ik grif net sa’n langstme mear, bern Seach ik dyn ljocht krollich hier. Stie ik mar efkes mei dy oan ‘e mar Rûn ús de stille natuer Wêrsto my seist ‘k nim in seeman foar kar Ja dan wie myn lijen wol oer. Al de leafde dy’t ik hie driuw my nei de see Swalkjend gong ik troch de wrâld thús op eltse ree Mar doe’t ik dy mette bern wie myn rêst foarby As ik op ’e weagen bin tink ik wer oan dy. Refr. Ienris as ik yn Harns wer kom en de boat leit fêst Stiesto wachtsjend oan ‘e kaai mar dan foar it lêst Seemanslibben wurdt foar my dan ferline tiid ‘k Bliuw dan by dy oan ‘e wâl as de boat wer giet Refr.